-
Biografy
Klaske Hiemstra hat fan no ôf gjin ferline mear.
Se tidiget op de takomst.Hjirûnder folget noch in oersjoch fan de boeken dy’t fan Klaske Hiemstra útjûn binne.
Se is noch mei in pear boeken oan de gong: ien oer de werberte fan Socrates en Plato yn Ljouwert, yn it Nederlânsk, se wurket oan in nije ynterpretaasje fan de skilderijen fan Vermeer, ek yn it Nederlânsk, en se wurket oan in standertwurk oer symbolyk yn it Ingelsk.
Fierder lizze der noch in ferhalebondel, in ferzebondel en fertalingen fan âld Frysk wurk yn it laad.Wurk
Romans- Retoer Skylge (2004) in heal en heal autobiografysk roman oer it ferskynsel “bylden fan it ûnbewuste”.
- It rinnen fan Silke (2006), in roman oer in studinte rjochten dy’t yn grins wennet en dermei libje moat dat har mem komt te ferstjerren. Sy docht al it mooglike om út de tizeboel te kommen dy’t har gefoel tjirget.
Mearkes
- De bok, it gouden aai en de sân ravens (1996), befettet it ferhaal “It lân fan altyd snein” dêr’t Klaske Hiemstra de tredde priis mei wûn. It is in mearke, lykas: “Eilânr
eis”, dat ferskynde yn 2007. Yn dit ferhaal giet in famke mei har geastlik handikapte suske op stap om de mem te sykjen. It is in symboalyske reis. As yn de measte mearkes rint it goed ôf.
Reaksjes: klaske56@hotmail.com
Dichtwurk- De skaadfrou, (2003).
Kollumns
Sûnt 31 desimber 2009 is Klaske Hiemstra fêste kollumniste by de ynternetside fan de Ried fan de Fryske Beweging. De side hat de namme www.itnijs.nl
Leave a reply







sytske de boer maart 29th, 2010 om 15:00