-
It geheim fan Klari-Klaske
Der wurdt my noch al ris frege hoe’t ik de wollen broches meitsje.
Dat giet sa: men begjint mei in lange sliert te punnikjen. Yn ’e tiid dat ik lyts wie, dienen jonges en famkes in soad oan punnikjen. Myn 5 jier âldere broer hie sa’n lange sliert mei safolle kleurkes, dat ik him noait ynhelle ha.
It is oars fan alle tiden, dat famkes èn jonges hantwurkje. De skiepherder (ien rjoch en ien averjocht…) is bekend, en yn de wacht skynt it ek goed breidsjen te wêzen.
Sjoukje Bokma-De Boer (Nynke van Hichtum) liet har soan en har dochter lange sliertten hake om se ta rêst te bringen.
Wol is goed foar de holle. lekker sêft en der binne tsjintwyurdich prachtige kleuren en soarten te keap.
In oanriederke om der as hobby by te nimmen.
Mar no de blommen fan punniktried.
As men in lange sliert hat, hechtet men it ôf en men leit safolle blombledsjes as de tried it talit. Oan elkoar naaie, knoop derop, feilichheidsspjelde der achterop sette en klear!
Wil je meer creativiteit van Klaske?
afspreken via klaske56@hotmail.comLeave a reply






